Omrop yn hiel Europa te sjen

Omrop Fryslân tillevyzje is ynkoarten yn hiel Europa te sjen. De omrop sil, as alles technysk meisit, ein novimber fia de satellyt útstjoere. Dat betsjut dat de omrop foar elkenien mei in skûtel sûnder ekstra kosten te sjen is. Omrop Fryslân hie al jierrenlang de winsk om op de satellyt de kommen.
Ek omdat der meikoarten in ein komt oan de analoge trochjefte mei de âlderwetske antinne, is dat in foarsjenning dy't nedich is.