Heerenveen tsjin Vitória Setubal

Sportklup Hearrenfean spilet yn de earste ronde fan it UEFA-bekertoernooi tsjin Vitória Setubal út Portugal. De Friezen spylje earst út. Dat is op tongersdei 14 septimber. De return is op tongersdei 28 septimber.
Vitória Setubal wûn yn 2005 de nasjonale beker en wie dit seizoen ferliezend finalist yn de beker. It ôfrûne seizoen waard de ploech achtste, mei 33 punten efterstân op kampioen Porto.