Bedriuwslibben Fryslân te griis

It bedriuwslibben yn Fryslân moat hurd oan de slach mei ferjonging fan de sektor. As dat net bart dan sille in soad bedriuwen it oer in pear jier net mear rêde.
Dat seit de wurkgroep Grijs Werkt, dy't yn opdracht fan it regear dwaande is mei de problemen dy't de fergrizing opsmyt. Neffens foarsitter Nijpels fan de wurkgroep is de fergrizing fan it bedriuwslibben yn Fryslân folle slimmer as yn de rest fan it lân.