Gjin opûnthâld troch asbestfynst
It werynrjochtingsprojekt yn Wergea sil troch de fynst fan asbest gjin opûnthâld oprinne. De gemeente sil alle war dwaan om dat foar te kommen.
Tongersdei troffen grûnwurkers yn de fundearring fan de Kalsbeekstrjitte asbest oan. In part fan de strjitte is no mei stekken en lint ôfsletten. Plleatslik belang tinkt net dat de bewenners fan de strjitte risiko's rûn ha.