Omrop Fryslân fan Ned. 1 nei 2

25 aug 2006 - 15:12

Mei yngong fan it nije tv-seizoen giet in soad yn Hilversum oer de kop. In soad programma's krije in oar plak. De dokumintêres fan Omrop Fryslân op snein ferhúzje mei yngong fan septimber fan Nederlân 1 nei Nederlân 2. De tiid fan de útstjoering bliuwt gelyk: 13.30 oere.

Dizze hjerst bringt Omrop Fryslân ûnder oare tv-portretten fan skiedend Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde en muzikant Jan Tekstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)