Wim Stroetinga wint Boalsert

© Omrop Fryslân
Wim Stroetinga fan Aldeberkeap wûn tongersdeitejûn de Ronde fan Boalsert. Nei 80 kilometer, yn in kritearium mei in protte striid, wie hy yn de einsprint folle rapper as René Hooghiemster fan Oentsjerk.
Hooghiemster wie yn de finale út in sân man sterke kopgroep fuortriden. Allinne Stroetinga koe de sprong noch meitsje. Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard tredde, Frank Wierstra fyfde en Jorrit Bergsma sechsde.