Asbest fûn yn strjitte Wergea

© Omrop Fryslân
By wurk oan de Kalsbeekstrjitte yn Wergea is asbest oantroffen. It asbest sit yn in âlde fundearring fan de strjitte. It wurk oan de dyk is troch de gemeente Boarnsterhim stillein. It stik dat no noch bleat leit is mei stekken en in lint ôfset. Undersyk moat útwize hoe skealik it asbest is. Takom wike wurdt de útslach fan dat ûndersyk ferwachte.
De gemeente Boarnsterhim seit dat der gjin gefaar is foar de folkssûnens.