Needwaar: wetteroerlêst en brân

25 aug 2006 - 10:11

Needwaar soarget tongersdei rûnom foar problemen yn Fryslân. Op ferskate plakken is in soad wetter fallen en is it ek ynslein. Dêrtroch is brân ûntstien.

Yn Snits binne grutte problemen yn de winkelstrjitte Grootzand. In grutte ynterieursaak is dêr ûnderstrûpt, der is foar tsientûzenen euro's skea. Yn Eagmaryp is brân ûntstien yn in buorkerij mei lisboksestâl. Der binne gjin slachtoffers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)