Dochs gjin asbest yn Bilgaard

25 aug 2006 - 05:35

Der is dochs gjin asbest frijkaam by de brân yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert. Dat hat boargemaster Dales sein. Earder warskôge er noch om bern binnendoar te hâlden en ruten en doarren te sluten.

Der lizze rûnom wol stikken keunststof, mar dat is trespa, wat folslein ûnskealik is. De gemeente hat ôffalferwurker Omrin ynskeakele om alle smoargens, ek by minsken yn de tún, op te rêden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)