Ekstra Hjoed oer de brân

It Fryske TV-sjoernaal Hjoed kaam tongersdei mei in ekstra útstjoering oer de grutte brân yn winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert. Yn it sjoernaal fansels bylden fan dy brân mar ek reaksjes fan ûnder oare boargemaster Geert Dales en dupearre ûndernimmers.
By de slimme brân tongersdeitemoarn betiid gie it winkelsintrum foar it grutste part ferlern. Der wie yn Hjoed ek in live ferbining mei Bilgaard. De útstjoering waard alle oeren werhelle.