Grutte winst foar Friesland Bank

24 aug 2006 - 16:38

De Friesland Bank hat it ôfrûne heal jier 165% mear winst makke as deselde perioade ferline jier. De nettowinst fan 92 miljoen euro waard mooglik troch ferkeapwinsten op effekten en dielnimmingen yn oare bedriuwen.

De bank fernimt ek dat it stadichoan better giet mei de ekonomy yn Nederlân. Bestjoersfoarsitter Willem Cramer ferwachtet dat de nettowinst oer hiel 2006 sa'n 100 miljoen euro wêze sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)