Boadskippetsjinst yn Bilgaard

Stifting Palet wiist derop dat der in boadskippetsjinst is foar minsken dy't oanwiisd binne op de winkels yn de Bilgaardpassage.
Der wenje in soad 55-plussers yn de wyk. Foar har wurdt it lestich om alle boadskippen yn 'e hûs te krijen, no't in soad winkels ynienen net mear berikber binne. De brân hat de helte fan it winkelsintrum folslein fernield. De oare helte hat swiere brân- en wetterskea oprûn.