Schuil ferliest earste wedstryd

© Omrop Fryslân
Beachvolleyballer Richard Schuil hat de earste wedstriid op it Europeesk Kampioenskip ferlern. Tegearre mei Reinder Nummerdor ferlear de Ljouwerter yn trije sets fan de Nederlanners Boersma en Mast. It waard 21-17, 18-21 en 15-13.
Schuil en Nummerdor binne noch net útskeakele. De twa spylje letter op de dei yn de werkânsing foar in plak yn de folgjende ronde tsjin de Italianen Amore en Lione.