Helmholt wer fierwei de bêste

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt út Hurdegaryp is yn Burgum winner wurden fan de lêste kompetysje fierljepwedstryd fan dit seizoen. Mei in sprong fan 20.04 bleaun hy de konkurrinsje fier foar. IJsbrand Galama fan it Heidenskip waard twadde mei in persoanlik rekord fan 19.43 meter. Helmholt wint ek it klassemint oer in hiel seizoen.
By de junioaren wie Hannes Scherjon de bêste mei in sprong fan 18.69. Hy wînt ek it seizoenklassemint yn syn klasse.