Ofslútdyk moat opwurdearre

Troch it better ûntwikkeljen fan de Ofslútdyk as toeristyske attraksje kin it tal besikers ferdûbelje fan 250.000 nei 500.000. Yn opdracht fan de ANWB, Fryslân en Noard-Hollân, de gemeenten Wieringen en Wûnseradiel en Rykswettersteat is in rapport makke mei in grut tal maatregels om dat doel te berikken.
Der soe by Breezanddijk in grutte jachthaven komme kinne. Fierder kin de ynformaasjefoarsjenning better.