Favoriten winne Frouljus-PC

24 aug 2006 - 10:43

De oerwinning fan de frouljus-PC yn Weidum gie dit jier wer nei Géjanne Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema. De regearend PC-winners wiene dit seizoen al goed yn foarm mei njoggen kear winst. Afke Hylkema waard foar de njoggende kear keninginne.

Buma-en-dy spilen harren tsjinstanners suver fan it fjild. Dochs is it knap dat de debutanten Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken de finale hellen. It waard 5-1 en 6-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)