Naturalisaasjedei útsteld

24 aug 2006 - 09:04
Foto: Omrop Fryslân

Yn de gemeenten Hearrenfean en Ljouwert wurdt de earste nasjonale naturalisaasjedei net kommende tongersdei hâlden, mar op oare dagen. Ljouwert kiest foar 30 oktober, Hearrenfean foar 14 novimber. De gemeenten fine in dei midden yn de fakânsje net sa geskikt.

Op de naturalisaasjedei wurdt it Nederlânsk paspoart feestlik útrikt oan nijkommers yn ús lân. Earder waard it paspoart oer de post tastjoerd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)