Mear wurkgroepen tsjin earmoede

24 aug 2006 - 09:03

De wurkgroep De Arme Kant is yn hieltyd mear gemeenten aktyf. Yn fiif Fryske gemeenten is no in wurkgroep dwaande mei in better earmoedebelied: Ljouwert, Smellingerlân, Dongeradiel, It Bilt en Skarsterlân. Yn trije oare plakken binne al earste stappen set om sa'n wurkgroep te begjinnen.

It doel is om it earmoedebelied fan de gemeenten te ferbetterjen, om bygelyks minsken mei in smelle beurs út har sosjale isolemint te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)