Omrin: oerstap kostet miljoenen

23 aug 2006 - 16:53

De oerstap fan ôffalsammeler Omrin nei in konkurrint út Noard-Hollân kostet de gemeente Smellingerlân miljoenen euro's. Dat seit direkteur Ton Doppenberg fan Omrin. Neffens de direkteur is Smellingerlân ferantwurdlik foar alle bedriuwsskea dy't ûntstiet troch de oerstap.

Fierder tinkt Doppenberg dat it foardiel fan 20 oant 30 euro per húshâlden mar in pear jier jildt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)