Frouljus-PC Weidum begûn

23 aug 2006 - 14:25

Yn Weidum is woansdeitemoarn de frouljus-PC útein set. It is de tritichste edysje fan de frouljus-PC. Der dogge dit jier alve debutanten mei. Dat is hast in tredde fan it totaal oantal dielnimmers. Dat binne der 36, ferdield oer tolve partoeren.

De grutte favoryt is it partoer fan Géjanna Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema. Sy wûnen dit seizoen al njoggen frije formaasje-partijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)