Befeiligers oppakt foar geweld

© Omrop Fryslân
De plysje yn Rotterdam hat trije Friezen oanhâlden fanwege iepenlike geweldpleging. De meiwurkers fan in befeiligingsbedriuw soene in man (26) sa slim mishannele hawwe, dat er letter oan syn ferwûnings ferstoar.
Neist de Friezen binne ek in ynwenner fan Arnhim en immen út Mookhoek oanhâlden. In Ljouwerter is neffens de plysje tsjûge. It slachtoffer soe troch it lint gien wêze. Hy waard net goed doe't de befeiligers him oanhâlden