Treinsteuring Ljouwert foarby

23 aug 2006 - 11:15

Der hat tiisdeitejûn in grutte treinsteuring west fan en nei Ljouwert. In kompjûterstoaring wie de oarsaak.

Reizgers moasten rekken hâlde mei in fertraging fan mear as in oere. Der riden gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum, Dronryp, Mantgum en Hurdegaryp. Op dy trajekten binne bussen ynset. Hûnderten treinreizgers binne dupearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)