'Skrassen subsydzje ferkeard'

23 aug 2006 - 10:49

De steatefraksje fan de SP wol dat it provinsjebestjoer protest oantekenet tsjin it skrassen fan subsydzjes foar duorseme enerzjy. Minister Wijn fan Ekonomyske Saken hat ferline wike freed de subsydzjes foar bygelyks sinnepanielen, wynmûnen en biofergisters ôfskaft.

De SP is benaud dat Fryske bedriuwen dy't in soad ynfestearre hawwe yn duorseme enerzjymaatregels troch it beslút fallyt gean sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)