Blautongefertinking troch lammen

© Omrop Fryslân
De fertinking fan 'e sykte blautonge op de pleats fan Jolle Tjalsma yn Tersoal is ûntstien neidat sûnt begjin augustus 32 lammen dea rekken. Tjalsma hie hûndert lammen by santich skiep.
De deadsoarsaak fan de 32 lammen is noch hieltyd net bekend. De boer tinkt sels oan in firus. Ferline wike binne noch trije lammen fan Tjalsma testen sûnder dat der blautonge fûn waard.