Grêfstien fernield

22 aug 2006 - 15:19

Op in begraafplak oan it Tsjerkeplein yn Froubuorren yn 'e gemeente It Bilt is ôfrûne tongersdei in grêfstien fernield. Der is foar goed 1000 euro oan skea.

De plysje ûndersiket de saak en komt graach yn kontakt mei tsjûgen. In 65-jierrige ynwenner fan Froubuorren hat oanjefte dien fan de fernieling fan de grêfstien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)