Man oppakt op parkearplak A32

22 aug 2006 - 15:19
Foto: Omrop Fryslân

Op in parkearterrein oan 'e A32 by Aldeholtwâlde is in man út Wolvegea (25) oanholden op fertinking fan bedriging. De plysje hie in melding krige oer oerlêst yn en om it benzinestasjon op it parkearplak troch in groepke. De Wolvegeaster bedrige dêrby in meiwurker.

Doe't de plysje kaam, naaide de man út, mar nei in koarte syktocht waard er fûn. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)