Keunster Janzen ferstoarn

22 aug 2006 - 14:22
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske keunstner Sjoerd Dirk Janzen is moandei yn Grins ferstoarn. Hy waard berne yn Easterbierrum yn 1955. Hy wie in keunstner dy't grinzen opsocht.

Janzen stiet bekend om syn libbensgrutte, ekspressive wurken mei in protte kontrast: driigjend swart en helder wyt. Sjoerd Dirk Janzen wie slim siik. Fanôf 15 septimber is der in eksposysje fan syn wurk yn Museum Belvédère yn Oranjewâld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)