Mooglik blautonge yn Fryslân

22 aug 2006 - 11:29
Foto: Omrop Fryslân

Der is mooglik in gefal fan de skieppesykte blautonge yn de omkriten fan de gemeente Boarnsterhim. Dat hat in wurdfierder fan it ministearje fan lânbou moandei befestige. Ek de gemeente Boarnsterhim befestiget it nijs, mar wol noch net ynhâldlik reagearje. Earst moat dúdlik wêze oft it ek echt om de sykte giet.

Yn de rin fan de wike moat dêroer mear dúdlikens komme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)