FNP: fytspaden fan beton

22 aug 2006 - 10:05
Foto: Omrop Fryslân

De FNP yn Ljouwert wol dat de gemeente op plakken mei in soad beammen fytspaden oanleit mei betonplaten ynstee fan mei asfalt.

Beton kin neffens de partij better tsjin de druk fan de beamwortels as asfalt. Dêrneist kostje betonplaten minder jild. De FNP freget it kolleezje ek om gjin grutte beammen tichtby fytspaden del te setten. Dat soarget foar skuorren yn fytspaden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)