Minder fytsen stellen yn Sm'lân

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Smellingerlân binne yn de earste helte fan dit jier 80 fytsen minder stellen as yn deselde perioade ferline jier. Plysje, stedswachten en de gemeente wurkje mear meiïnoar gear om fytsestellerij tsjin te gean. Sa wurde opkeapers faker kontrolearre en wurdt der mear ferljochting oanbrocht op plakken dêr't in soad fytsen stean.
Opfallend is dat de minsken dy't oanjefte dogge, tajouwe har fyts net op slot set te hawwen.