Botsing trein mei auto

© Omrop Fryslân
By in spoaroergong flakby stasjon Harns-Haven is in trein fan Arriva moandeitemoarn yn botsing kaam mei in frachtauto. Dêrby rekke de sydkant fan de trein skansearre.
De oergong hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear. Op it stuit fan de botsing sieten der gjin passazjiers yn de trein. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, wurdt noch ûndersocht.