Subsydzje griene stroom ôfskaft

22 aug 2006 - 09:59

Guon Friezen komme yn de problemen trochdat minister Wijn fan de ien op de oare dei de subsydzje op griene stroom ôfskaft hat. Dat seit foarsitter Jitske Leegstra fan de wurkgroep Sinne-enerzjy Fryslân.

Nije projekten foar stroomopwekking troch sinne, wyn of biomassa komme net mear yn oanmerking foar de saneamde MEP-subsydzje. Guon Friezen dy't noch dwaande binne mei in oanfraach komme dêrtroch yn de problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)