Kantoarhannel Hilarius oernommen

22 aug 2006 - 09:57

De fallite kantoarhannel Hilarius yn Ljouwert is oernommen troch it Ljouwerter bedriuw DocuNed. De namme Hilarius bliuwt wol gewoan.

DocuNed ferkeapet en ûnderhâldt kopiearmasines en printers. Mei de oername wol it bedriuw oan de Celsiuswei in bettere posysje op de Fryske merk krije. Foar de klanten fan Hilarius feroaret der sa goed as neat. It bedriuw Hilarius wie hast 160 jier âld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)