Winst Nuon ferdûbele

22 aug 2006 - 09:55

De winst fan enerzjybedriuw Nuon is yn it twadde kwartaal mear as ferdûbele fan 148 miljoen nei 349 miljoen euro. It bedriuw fertsjinne mear oan de ferkeap fan elektrisiteit en de hannel yn enerzjy.

De omset is omheechgien fan 2,6 miljard nei krapoan 3,2 miljard euro. De provinsje Fryslân hat 12 persint fan de oandielen fan Nuon yn hannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)