Earste reade kaart yn it keatsen

© Omrop Fryslân
Earsteklassekeatser Jacob Zaagemans fan Wytmarsum hat de twifelachtige ear om de earste reade kaart yn de skiednis te krijen. Dat gebeurde snein yn Froubuorren. Skiedsrjochter Gosse de Jong fan Warkum joech Zaagemans de kaart om't er de skiedsrjochter misledige hawwe soe.
Zaagemans ûntkent sel dat er in reade kaart krigen hat. Wol is dúdlik dat er as earste yn de histoary fan it fjild stjoerd is.