Yannick de Jong 5e op EK
Motorcoureur Jannick de Jong fan 'e Gordyk (19) is ôfrûne wykein fyfde wurden op it EK speedway foar junioaren. De wedstriid waard ferriden yn it Kroatyske Togliatti. De Jong pleatste him foar de finale troch in sechde plak yn 'e heale finale.
Jurica Pavlic út Kroatië waard Europeesk kampioen foar Andrej Karpov út de Oekraïne en Lars Hansen út Denemarken.