Deadlik ûngelok by Wommels
By in oanriding op de Westergowei by Wommels is snein in ynwenner fan Leusden om it libben kaam. In oare persoan rekke swier ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.
De auto fan de man dy't swier ferwûne rekke kaam troch ûnbekende oarsaak op de ferkearde helte fan de dyk. Ien auto koe him ûntwike en rekke yn de sleat. De ynwenner fan Leusden slagge dat net. Hy botste frontaal op de auto út de rjochting fan Winsum.