Kroechmeiwurker oppakt yn Snits

21 aug 2006 - 10:14

Yn in kroech oan de Lytse Tsjerkestrjitte yn Snits is sneintemoarn betiid in 41-jierrige meiwurker oanhâlden. De man soe in 23-jierrige Snitser dy't him ferfelend gedroech, te hurdhannich de doar útset ha.

De Snitser rekke dêrby ferwûne oan de holle. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De dieder is oppakt en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)