Oanriding yn Easterwâlde

21 aug 2006 - 10:14

In 23-jierrige automobilist fan Easterwâlde is sneintemoarn betiid oanhâlden om't er trochriden wie nei in oanriding. De man wie eefkes dêrfoar op de Vossehaer yn Easterwâlde tsjin in parkearde auto botst.

De eigner dêrfan hie it sjoen en de plysje belle. Dy koe de man yn syn wente oanhâlde. It die bliken dat er tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)