Heabroei by pleats Sint Nyk
By in pleats oan de Spannenburgerdyk by Sint Nyk hat sneintemiddei heabroei west. Omdat der in soad reekûntwikkeling wie, hat de plysje de dyk ôfset. De brânwacht hat in part fan de middei dwaande west om it hea út inoar te heljen.
Sa koe der makliker dwêste wurde. De skea oan de pleats liket foarearst ta te fallen.