Drugsdealer oppakt yn Frjentsjer

20 aug 2006 - 17:09
Foto: Omrop Fryslân

In 19-jierrige drugsdealer is sneon by in plysjekontrôle op de Dokter Jelle Bangmastrjitte yn Frjentsjer tsjin de lampe rûn. De man hie pûdsjes speed, kokaïne, weed en xtc-pillen yn syn auto lizzen.

De plysje hat de spullen yn beslach nommen. De Frjentsjerter is ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)