Oldtimerswykein yn Aldeholtpea

© Omrop Fryslân
It wie dit wykein folop drokte yn Aldeholtpea, mei de 17e edysje fan it Oldtimerswykein. Der wie in soad te sjen foar de taskôgers. Trekkers, oldtimers en trekkertrúks. De bern koene in rûnrit meitsje op in minitreintsje.
De lêste jierren wurdt it evenemint hieltyd better besocht. De organisaasje hat it terrein dêrom útwreide. Snein wie der noch in demonstraasje mei hûnen te sjen.