Opkearings by Dearsum

© Omrop Fryslân
Ferkear op de N354 by Dearsum moat fan moandei ôf rekken hâlde mei opkearings. Dat sil noch in pear moanne duorje. De ôfslaggen yn de rjochting fan de plakken Wieuwert/Frjentsjer en Dearsum/Poppenwier binne dan ôfsletten.
Dat is nedich fanwege de oanlis fan in rotonde yn de trochgeande dyk by Dearsum. It ferkear wurdt omlaat. De omliedings stean oanjûn mei buorden.