Famke ferwûne op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In 16-jierrich famke fan Tsjalbert is sneon ferwûne rekke by in oanriding op de Abe Lenstraboulevard op It Hearrenfean. It famke siet efterop in scooter dy't bestjoerd waard troch in 16-jierrige jonge út Oranjewâld.
De jonge ferliende op de krusing gjin foarrang oan in 71-jierrige Feanster. De jonge hat noch besocht te remjen, mar koe in oanriding net mear foarkomme. It famke is oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.