Oanhâlding foar winkeldieverij
In 39-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is sneon oanhâlden foar winkeldieverij. De man hie in jas en ark meinaam út in winkel oan de Súdlike Yndustrywei yn Frjentsjer.
De man bekende nei syn oanhâlding dat er út mear winkels stellen hie. De plysje ûndersiket de saak. De 39-jierrige Frjentsjerter sit no yn de sel.