H'fean wint fan Den Haach

© Omrop Fryslân
Sportclub Heerenveen hat de earste wedstriid fan it nije seizoen mei 3-2 wûn fan Ado Den Haag. Yn it Zuiderpark yn Den Haach makke Afonso Alves djip yn blessueretiid de winnende goal. Den Haag kaam twa kear op foarsprong. It waard 1-0 troch Rankovic. Bosvelt soarge in minút letter foar 1-1.
Yn de twadde helte waard it 2-1, troch in penalty fan Tininho. Yildirim makke yn de 82e minút de lykmakker út in frije traap.