Helmholt ljept nij Frysk rekord

20 aug 2006 - 14:39
Foto: Omrop Fryslân

Bart Helmholt fan Hurdegaryp is de earste Fries dy't oer de 20 meter ljept hat. Hy ljepte sneontemiddei yn Winsum it Frysk rekord fan 20,12 meter by de jubileumwedstriid tusken Hollân en Fryslân. De wedstriid waard holden fanwege it 50-jierrich bestean fan it Frysk Ljeppersbûn.

De ferkiezing foar de bêste ljepper en ljepster fan de lêste 50 jier is by de manlju wûn troch Gerhard Vlieger. Antke v.d. Wal is de bêste ljepster.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)