Yousef wint heale maraton
Saher Yousef fan It Hearrenfean hat sneon de tweintichste edysje fan de heale maraton fan Bovensmilde wûn. Yousef kaam nei 1.11,23 oer de einstreek. Albert van der Ziel út Zandeweer waard twadde.
Yn Bovensmilde stie ek in maraton fan 10.000 meter foar froulju op it programma. Yvonne Kassenberg fan Burgum wie de rapste yn in tiid fan 39 minuten en 58 sekonden.