Van der Duim útskeakele op NK

20 aug 2006 - 12:47

Antal van der Duim is útskeakele op it Nederlânsk Kampioenskip tennis. Yn Amsterdam ferlear de Finkegeaster yn de heale finale fan de as sechsde pleatste Paul Logtens (1-6, 6-4, 6-4 en 6-4).

Yn de kwartfinale hie Van der Duim noch wûn fan de as earste pleatste Robin Haase. Freed waard hy ek útskeakele yn de heale finale fan it dûbelspul. Hy ferlear dêryn tegearre mei De Bakker fan Reuijl en Hilpert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)