Himpkwekerij yn Easterbierrum

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn in himpkwekerij oprôle yn in hûs oan de Buorren yn Easterbierrum. Dêrby binne in 31-jierrige man út Mullum en in 58-jierrige ynwenner fan Purmerend oanhâlden.
De kwekerij wie op de earste etaazje en hie hast 380 planten. Dat is in grut oantal foar in himpkwekerij yn in hûs. De planten en apparatuer binne yn beslach nommen.